Soad bekeurings foar fjoerwurk

30 des 2010 - 10:12
  • Nitraatbommen

Tolve minsken hawwe woansdei en tiisdei proses-ferbaal krigen om't se yllegaal fjoerwurk hiene. In Frjentsjerter fan 20 jier hie 84 nitraatbommen. By in 14-jierrige jonge út Berltsum fûn de plysje thús 63 nitraatbommen. In jonge fan 14 jier út Dronryp hie 21 nitraatbommen by him.

Trije ynwenners fan Frjenstjer fan 17, 19 en 25 jier waarden betrape by de hannel yn yllegaal fjoerwurk. Yn de wenning fan de âldste trof de plysje mortieren en nitraatbommen oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)