Soad B&B-hâlders melde har

23 jun 2011 - 15:42
  • In part fan de bút  (foto: Plysje Fryslân)

Tsientallen pensjonhâlders en eigners fan bêd en brochjes ha har melden by de plysje. De plysje die op Omrop Fryslân in oprop om East-Europeeske gasten goed yn de gaten te hâlden. De lêste tiid binne ferskate ynbrekkers út East-Europa oanhâlden. Se sliepe faak yn lytse pensjons en yn bêd en brochjes.

De minsken dy't no belje binne bliid dat der omtinken oan jûn wurdt. Se sizze ta dat se har gasten goed yn de gaten hâlde sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)