Soad banen fuort by SiSa

28 feb 2013 - 16:04

By berneopfang Sisa ferdwine 118 fan de 328 banen neidat de omset yn twa jier tiid mei in tredde werom rûn is nei 10 miljoen euro. It giet foar in grut part om minsken mei in relatyf lyts kontrakt. De 118 ûntslaggen binne mei elkoar goed foar 44 folsleine banen. Ien en oar betsjut dat it bemiddelingsburo ophâldt mei de tuskenskoalske opfang. Fierder ferdwine tsien lytse fêstigings. Sisa is aktyf yn tsien gemeenten fan Noardeast-Fryslân oant en mei Súdwest-Fryslân. Foaral nei de krystdagen ha in hiel soad âlders de berneopfang opsein.

De weromgong komt foar in part troch de hegere bydrage dy't de âlders betelje moatte troch in yngreep fan it Ryk. Ek sitte der troch de minne ekonomyske situaasje hieltyd mear âlders thús sûnder wurk. Neffens direkteur Louise Wiersma fan Sisa wurdt de berneopfang nei de bou it hurdst troffen troch de krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)