'Soad banen derby yn Ljouwert'

12 apr 2013 - 22:46

It giet lang net min mei de wurkgelegenheid yn Ljouwert. Neffens wethâlder Henk Deinum fan ekonomyske saken is it tal arbeidsplakken yn de Fryske haadstêd op dit stuit 'stabyl'. Boppedat ferwachtet Deinum dat der dit jier noch 'hûnderten banen' by komme fan nije bedriuwen en nije aktiviteiten.

Deinum die de útspraken op in politike jûn fan de VVD oer regionale ekonomy. Deinum heart neffens eigen sizzen te faak dat it tal banen yn Ljouwert weromrint en wol dat byld bestride.

Der wie krityk op de gemeente fanwege it ferhúzjen fan it bedriuw Capilix fan Ljouwert nei It Hearrenfean. 'Spitich', fynt ek Deinum, mar je hawwe bedriuwen net oan in toutsje. Tsjinoar it ferdwinen fan Capilix steane neffens him wol fiif oare bedriuwen dy't nei Ljouwert kaam binne, sa seit de wethâlder en hy ferwachtet der dit kalinderjier noch mear, benammen yn de sektor fan de wettertechnology.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)