Soad auto's weromroppen

20 des 2010 - 17:03

Dit jier binne der yn Nederlân al mear as 300.000 auto's weromroppen nei de dealer. Neffens in ûndersyk fan de NOS soe dat te krijen hawwe mei it hieltyd gauwer op de merk bringe fan nije modellen. Ek it hieltyd mear ynsetten fan elektroanika soe steurings yn de hân wurkje.

Toyota hat mei sa'n 64.000 weromhelle auto's in grut oandiel hân yn it tal oanbelangjende auto's. De imagoskea falt neffens Frits Wind fan Toyota Valkema garaazjes ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)