Soad argewaasje by oanjefte

12 mrt 2004 - 00:00

Oanjefte dwaan by de plysje ropt de measte argewaasje op fan alle oerheidstsjinsten. Dat docht bliken út in ûndersyk foar Burger@Overheid. Hast 90 persint soe gauwer oanjefte dwaan as dat op ynternet kinne soe.

Yn Fryslân kin dat al sûnt 2002 yn It Bilt, Frjentsjerteradiel en Harns. Dêr wurdt yndie mear oanjefte dien. Mar it is noch ûnbekind oft digitaal oanjefte dwaan yn de hiele provinsje of yn it hiele lân ynfierd wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)