Soad animo stipe sinnepanielen

17 apr 2009 - 15:40
  • De oanfragen foar stipe by de oanskaf fan sinnepanielen komme binnen

De provinsje hat al mear as 100 oanfragen krigen foar subsydzje yn de oanskaf fan sinnepanielen. De provinsje stelt 1,1 miljoen euro beskikber om it pleatsen fan sinnepanielen op huzen, skoallen en bedriuwen oan te moedigjen.

Der kin oant 14 maaie subsydzje oanfrege wurde en elk hat likefolle kâns. As der mear oanfrege wurdt as dat der jild is, wurdt lotte. Der kin ek subsydzje oanfrege foar elektrysk farren. Dêr is trije euroton foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)