Soad animo Steve Jobsskoalle

08 jan 2014 - 15:57

De Steve Jobsskoalle yn Snits hat al in wachtlist fan 25 bern. De skoalle is dit skoaljier begûn mei 120 learlingen. It gebou is woansdei offisjeel iepene. It nije oan de skoalle is dat bern op iPads wurkje. Se leare der sels op skriuwen. Mei in finger moatte de bern de letter neimeitsje. De iPad brûke de learkrêften om safolle mooglik by it nivo fan de yndividuele bern oanslute te kinnen.

De belangstelling foar dit ûnderwiis is sa grut dat ienris yn de moanne in iepen dei is om alle nijsgjirrige fakgenoaten en âlden rûn te lieden.

Bern komme rûnom wei, net inkeld út Snits, mar ek fan Boalsert, De Lemmer en Drachten. Der binne regels foar it brûken fan de iPad, se meie de bern net sels apps binnenhelje. Direkteur Janet Visser fan de Master Steve Jobsskoalle krige woansdei de 'Avontuurlijk Leren-priis' fan ûnderwiiskoepel Odyssee foar har pionierswurk op de Jobsskoalle. Mei tanksij it sukses fan de Jobsskoalle hat ûnderwiiskoepel Odyssee gjin lest fan krimp. De gemeente Súdwest-Fryslân is al dwaande om te ûndersykjen oft de Jobsskoalle noch wat útwreide wurde kin, sa fertelde boargemaster Apotheker nei de offisjele iepening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)