Soad animo Solar Challenge

29 okt 2007 - 15:06
  • Byld fan de sinneboatrace fan 2006

Oan de Solar Challenge dogge takom jier op syn meast 60 teams mei. Dat is om de feilichheid fan de boaten op sinne-enerzjy te garandearjen. Der binne al 53 oanmeldingen.

De organisaasje wol de mooglikheid hâlde om fiif teams in saneamde wildcard te jaan. Sadwaande binne der dus noch twa frije plakken oer. De race wurdt takom jier juny hâlden. Ferline jier wie der ek in race foar sinneboaten. Doe dienen 29 teams mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)