Soad animo for projekt NNO

17 sep 2004 - 16:49

Foar it streektaalprojekt fan it NNO binne al in lytse 50 ynstjoeringen binnenkaam. Foar it 15-jierrich jubileum fan it Noard Nederlânsk Orkest kinne minsken oant 28 septimber teksten yn de eigen taal opstjoere.

It orkest arranzjeart en spilet de winnende ferskes mei help fan regionale artysten. In sjuery kart de teksten. Begjin oktober wurde de winners bekend makke. De konserten fan it NNO mei it streektaalprojekt binne yn maart 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)