Soad animo plysjefrijwilligers

21 feb 2005 - 17:24

In kampanje fan de plysje Fryslân foar frijwilligers hat oant no ta 110 belangstellenden lutsen. Dat is twa kear safolle as gewoanwei. Nei in oplieding fan goed trije jier meie de frijwilligers, as se alteast it diploma helje, oan de slach as surveillanten. Se wurde dan ûnder oaren ynset by eveneminten en kontrôle-aksjes.

De plysje tinkt dat der mear belangstelling is om't de oplieding no folslein yn Fryslân te folgjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)