Soad animo Frysk Food Festival

21 apr 2014 - 13:31

Ferantwurde, betrouber, sûn en foaral lekker iten. Dat is moandei te finen en te priuwen op de twadde edysje fan it Fries Food Festival yn Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Besikers kinne worksjops dwaan. Der is in kookteater mei in soad Fryske topkoks en besikers kinne sels oan it wurk mei regioale produkten. Op it festival binne de leveransiers fan dizze streekprodukten oanwêzich dy't har presintearje oan it publyk.

Fryslân hat njonken Waddengoud en Wâldpyk no ek in tredde streekmerk: De Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)