Soad animo foar stúdzje

08 okt 2005 - 17:33

It heger ûnderwiis foar âlderen (HOVO) hat dit jier opnij in rekordtal ynskriuwingen. Hast 800 minsken hawwe har oanmeld om in kursus te folgjen.

It HOVO is bedoeld foar 50-plussers, dy't noch graach studeare wolle. Sij kinne kursussen en kolleezjes folgje, op it mêd fan fan ûnder oare skiednis, filosofy en psychology. It HOVO is in ûnderdiel fan de Noardelike Hegeskoalle yn Ljouwert. It bestiet yntusken 16 jier

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)