Soad animo foar sportympuls

14 apr 2014 - 12:12
  • argyffoto

De animo fan Fryske sportoanbieders om in bydrage oan te freegjen út de subsydzjeregeling Sportimpuls is aardich grut. Dy konklúzje lûkt Sport Fryslân dy't in tal organisaasjes holpen hat by it yntsjinjen fan in oanfraach. It giet om sportferienings, mar ek om fysioterapeuten en soarchoanbieders.

It doel fan Sportimpuls is om minsken oan it bewegen te krijen of te hâlden en dêrfoar stelt it Ryk miljoenen oan subsydzje beskikber. Meri-inoar binne der 400 oanfragen yntsjinne foar in sportympuls.

Yn septimber wurdt bekendmakke hokker oanfragen wol as net jild krije foar de útfiering fan har projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)