Soad animo foar seehûnekresj

19 feb 2007 - 16:20
  • 'Wettertrappeljende' seehûnen yn de kresj

Ek de gemeente Ljouwerteradiel hat him yn de striid mingd om de fêstiging fan de seehûnekresj fan Lenie 't Hart. Der binne no fiif Fryske en twa Grinzer gemeenten yn byld.

De seehûnekresj ferhuzet út Pieterburen wei om't de gemeente dêr net meiwurkje wol oan útwreiding. De kâns is grut dat de nije opfang yn Fryslân komme sil. Harns liket de bêste papieren te hawwen, om't dêr ek in treinferbining is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)