Soad animo foar Maatjesprojekt

01 okt 2008 - 16:15

Der is safolle belangstelling foar it Maatjesprojekt dat der foarearst in dielnimmersstop ynsteld is. By it projekt fan de Stifting Aanzet wurde frijwilligers keppele oan minsken dy't psychysk kwetsber binne, om tegearre wat aardichs te ûndernimmen. Sa wol de stifting iensumens by dizze groep foarkomme.

Om de wachtlist fan dielnimmers lytser te meitsjen is Aanzet op syk nei frijwilligers. De stop foar dielnimmers is earst oant desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)