Soad animo foar keunstprogram

01 okt 2009 - 14:29

Mear as tûzen minsken ha har opjûn foar de opnamen fan 'Tussen kunst en kitsch' yn museum Belvedêre. Dat is folle mear as dat yn it museum yn Oranjewâld passe. Dêrom komt der in grut paviljoen foar it museum. Dat is om minsken yn op te fangen foardat se nei de keunst-eksperts ta gean.

Allinnich minsken mei in tagongskaart wurde talitten yn it paviljoen en it museum. De opnames binne moandei. De útstjoering is oer in healjier op televyzje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)