Soad animo foar EK Optimist

19 jul 2006 - 10:21

In rekordtal silers hat him ynskreaun foar it EK Optimist dat takom wike op it Iselmar hâlden wurdt. Der dogge 240 silers út 41 lannen mei. Sa komme der bern oer út Argentinië, Amearika en Austraalje. Der dogge 14 Nederlânske silers mei.

De wedstryd giet sneon fan start yn it sintrum fan Warkum en duorret oant en mei freed 28 july. Kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels sil it evenemint foar bern fan 10 oant 15 jier iepenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)