Soad animo foar Adventure Run

22 okt 2007 - 11:54
  • byld fan de Adventure run fan 2006

Minsken kinne har dizze wike noch opjaan foar de Ameland Adventure Run. Dat is in heale maraton troch de bosken, de dunen en it strân fan It Amelân. Al 1500 minsken ha har oanmeld en folle mear kinne der eins net meidwaan. De organisaasje hat dêrom besletten de ynskriuwing takom wykein te sluten.

De Ameland Adventure Run wurdt hâlden op 15 desimber. It rinevenemint smyt it eilân in soad ekstra besikers op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)