Soad animo earste Waadkuiertocht

01 maaie 2004 - 00:00

Mear as 1700 kuierders kamen sneon op de earste Waadkuiertocht ôf. De organisaasje wit lykwols noch net oft der takom jier wer ien komt. Der wiene twa rûtes, fan 20 en 35 km.

In soad minsken rûnen de tocht om te trainen foar de Slachtemaraton en de Alvestêdekuiertocht. De Waadkuiertocht gie ek troch in stik bûtendyks lân tusken Ferwert en Hallum. Om dizze tiid mei der eins gjinien yn it Noarderleech komme om't it briedseizoen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)