Soad animo boukavels Snits

07 jul 2006 - 10:43

De ferlotting fan boukavels yn it plan De Oudvaart 2 yn Snits wurdt oer de fakânsje hinne tild. Der is in hiel soad belangstelling foar de 38 kavels. Om elkenien likefolle kâns te jaan, start de gemeente Snits de ynskriuwing pas ein augustus. Gadingmakkers kinne har by in notaris registreare litte.

Plan De Oudvaart leit oan de eastkant fan Snits. De earste faze is is al hast hielendal folboud. De twadde faze wurdt bouryp makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)