'Snuf de hond' yn premjêre

14 jun 2008 - 10:28
  • Haadrolspiler Tom
  • Snuf sels wie ek by de premjêre

De film 'Snuf de hond in oorlogstijd' giet sneontemiddei yn premjêre yn bioskoop Tivoli yn Ljouwert. De film is regisearre troch Steven de Jong. Haadrolspilers binne Tom van Kalmthout (Tom) en Vivian van Huiden (Mirjam).

Oare spilers binne Rense Westra en Bas Muijs. Fanôf 26 juny is de film 'Snuf de hond', ynspirearre troch de súksesfolle boekesearje fan Piet Prins, yn Nederlân yn de bioskoop te sjen. De opnames binne ûnder oare yn Hartwert en Aldeberkeap makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)