Snorfytser ferspilet rydbewiis

04 aug 2013 - 14:20

In 21-jierrige snorfytser út Ljouwert hat sneontenacht syn rydbewiis ferspile. De man waard op de Frouljuspoartbrêge yn Ljouwert betrape op it riden ûnder ynfloed fan drank. De man krige in rydferbod foar seis oeren en in proses-ferbaal.

De Ljouwerter wurdt ek oanmeld by it CBR foar de saneamde edukative maatregel alkohol EMA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)