Snorfytser tsjin lantearnpeal

07 jul 2008 - 10:47

In man út Ljouwert is sneintenacht ferwûne rekke doe't er yn Warten mei de snorfyts op in lantearnepeal botste, dy't dwers oer de dyk lei. De lantearnepeal moat earder op de jûn omriden wêze, tinkt de plysje.

De Ljouwerter (36) ried oer it fytspaad by de Midsbuorren, doe't er de peal lizzen seach. Hy koe net mear útwike en fleach oer de kop. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje siket de bestjoerder dy't de lantearnepeal omriden hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)