Snorfytser oppakt foar heling

25 nov 2010 - 10:28

In 16-jierrige snorfytser út Drachten is woansdei troch de plysje oanhâlden fanwege heling. Op de Noardkade waard de jonge oansprutsen troch plysjes dy't fregen nei syn rydbewiis. Dat hie de snorfytser net by him en ek die bliken dat syn kentekenplaat by in oare snorfyts hearde.

De jonge joech dêrnei ta de snorfyts foar in lyts bedrach kocht te hawwen fan kunde. Mooglik giet it om in stellen eksimplaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)