Snorfytser oanholden mei drugs

12 sep 2009 - 14:04

In 28-jierrige snorfytser fan It Hearrenfean is yn de nacht fan freed op sneon yn syn wenplak oanholden. De man ried mei hege faasje oer it fytspaad. Ek wie syn rydbewiis earder ûnjildich ferklearre.

De plysje naam de man dêrom mei nei it plysjeburo. Underweis besocht de man pûdsjes mei wyt poeier te ferstopjen. De plysjes seagen dit en namen it guod yn beslach. Ek de brommer is yn beslach naam om't dêr drugs yn sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)