Snookerer Bij de Leij útskeakele

17 des 2006 - 14:25

Snookerer Gerrit_bij_de_Leij fan Appelskea is útskeakele by de lêste 16 op it Dutch Open yn Den Bosch. Bij de Leij ferlear yn in best-of-five mei 3-1 fan ien fan de topfavoriten Ian McCulloch. De Ingelsman wie as sânde pleatst.

Bij_de_Leij wie as 26ste pleatst. De Fries helle ferline jier noch de heale finale fan de Dutch_Open. Johan_Oenema fan It_Hearrenfean waard earder al útskeakele by de lêste 64.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)