Snoekbearsfiskers pakt

30 maaie 2009 - 12:14

Trije manlju binne freedtemiddei oanhâlden foar it fiskjen op snoekbears op de Sleattemermar. It giet om twa Boalserters fan 20 en 49 jier en in 60-jierrige man út Burchwert.

Se hiene acht snoekbearzen fongen bûten de tastiene perioade en hiene tefolle angels by har. Ek fisken de manlju mei libben ies. De fisk mei in totaalgewicht fan tsien kilo is troch de plysje yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)