Snoeisel fan konifear brûke foar striid tsjin kanker

24 jun 2015 - 18:25
  • Taxus Baccata

Alve Fryske gemeenten dogge mei oan in ynsammelpunt foar snoeisel fan de konifearsoart Taxus Baccata. Yn sa'n konifear sitte in soad brûkbere stoffen foar it meitsjen fan in gemokuer. Ien kubike meter oan snoeisel is goed foar ien gemokuer.

It giet om in projekt fan organisaasje Vergroot de Hoop. Dat bedriuw út Beverwijk set har yn de striid tsjin kanker. Se hawwe ôffalferwurker Omrin frege sammelpunten op te setten. Op It Hearrenfean en yn Damwâld binne woansdei sokke ynsammelpunten iepene.

Ek yn Ljouwert, Ljouwerteradiel, Dongeradiel, De Fryske Marren, Kollumerlân, Menameradiel, Tytjerksteradiel, East- en Weststellingwerf binne der ynsammelpunten. Se binne oant en mei 31 augustus iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)