Snoeie foar Lânskipsbehear

25 okt 2003 - 00:00

Lânskipsbehear Fryslân sit yn noed oer it ferdwinen fan bysûndere beamrassen. Benammen heechstammige fruchtbeammen fersuterje om't it snoeien in krekt putsje is. Sadwaande hat lânskipsbehear in kursus fruchtbeamsnoeien opset.

De snoeibrigade koe sneon de beam yn. Dat diene se by Harsta State yn Hegebeintum. In oare wize fan behâld is it intsjen fan bysûndere rassen. Lânskipbehear wol alle bysûndere beammen yn kaart bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)