Snitswike yn oarlochstiid

02 aug 2014 - 13:24

De organisaasje fan de Snitswike hat sneontemiddei sân âlde films oer it evenemint oerlange oan it Frysk Filmargyf. Dêr sit ek filmmateriaal út 1942 by. Dat is bysûnder, want der binne net in soad bylden fan de Snitswike yn de Twadde Wrâldoarloch. Fierders bestiet de nije oanwinst út bylden út de jierren '50 en trije reportaazjes dy't foar de Wrâldomrop makke binne.

De organisaasje fan de Snitswike hie de films al lang yn syn besit, mar wist net goed wat dermei barre moast. It Frysk Filmargyf is út de skroeven mei it nije materiaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)