Snitswike wint lanlike priis

25 maaie 2005 - 15:57

De Snitswike is útroppen ta bêste stedspromoasje-evenemint fan Nederlân. De organisaasje hat de priis tiisdei yn Den Haach krigen fan de direkteur fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme. De priis bestiet út in oarkonde en in trofee.

Mear Fryske eveneminten krigen in ûnderskieding. Yn de race om de titel bêste regio-evenemint waarden de Fiskerijdagen fan Harns twadde en it SKS-skûtsjesilen tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)