Snitswike op lanlike televyzje

09 jul 2009 - 21:25
  • Ek de wedstriden krije deistich oandacht op TV

De Snitswike sil dit jier alle dagen op tillevyzje te sjen wêze yn in spesjaal Sneekweekjournaal by de kommersjele stjoerder SBS6. Yn it programma sil rom oandacht wêze foar it hurdsilen, mar ek is der alle dagen in reportaazje út 'e stêd wei. It programma wurdt foar in grut part betelle troch ûndernimmers út Snits en de gemeente. Doel is om mear toeristen nei de stêd te heljen.

It programma komt der alle jûnen om âlve oere foar en duorret in heal oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)