Snitsers oppakt nei fjochtsjen

16 apr 2010 - 09:59

De plysje hat tongersdeitenacht twa Snitsers fan 20 en 22 jier oanhâlden om't se in oare man mishannele ha. It giet om in Eastereiner (24). De twa manlju wiene belutsen by in fjochtpartij tichtby de auto fan de man út Easterein. Doe't dy dêr wat fan sei, begûnen de manlju him te slaan. Ek fernielden de manlju syn auto.

De plysje koe it duo efkes letter oanhâlde. Beide binne oerbrocht nei it plysjeburo en sitte fêst. De man út Easterein hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)