Snitsers oanholden op fertinking fan stellerij

02 feb 2015 - 14:52

De plysje hat snein twa 23-jierrige Snitsers oanholden op fertinking fan yn ynbraak by in bedriuw oan De Harste. It twatal sloech harren slach yn de nacht fan freed op sneon. De plysje waard warskôge en seach op it parkearterrein achter it bedriuw in auto stean. Yn dizze auto waard in kompjûter fûn, dy't út it bedriuw stellen wie.

Nei ûndersyk kaam de plysje it Snitser duo op it spoar en koe beide fertochten snein oanhâlde. Beide manlju sitte noch fêst op it buro yn ôfwachting fan it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)