Snitsers moatte mear fytse

22 aug 2010 - 11:40

Mei it oanlizzen fan nije fytspaden en it opknappen fan âlde paden, wol de gemeente Snits de kommende jierren it fytsen promoatsje. De gemeente hat in spesjaal fytsplan makke om it brûken fan de fyts flink te stimulearjen.

Fytse is goed foar it miljeu en foar de sûnens. Der steane konkrete aksjes yn it plan. Sa komme der yn de stêd mear fytsestallings en wurdt fytse op ûnder oare de Boalserterdyk en de Selfhelpweg feiliger makker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)