Snitsers mishannelje Jouster

11 sep 2013 - 11:22
  • Plysje-embleem

Twa Snitsers (21 en 36) binne tiisdei oanhâlden foar mishanneling. Se hienen op de Kanaalstrjitte hast in 22-jierrige Jouster oanriden doe't er de dyk oerstuts. Hy makke in hângebaar nei de auto en doe ried de bestjoerder werom nei de man. De byrider stapte út en sloech de Jouster tsjin de holle. Ek de bestjoerder wie útstapt en bedrige de man. Dêrnei rieden se troch. It slachtoffer belle de plysje dy't it duo letter oanhâlde koe. Se wurde heard op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)