Snitsers ite mei Brok

01 maaie 2004 - 00:00

Snitsers koenen sneon mei har boargemaster ite. Sa'n tachtich minsken skoden by Brok foar in moarnsbrochje oan tafel. Ek de fraksjefoarsitters fan de riedspartijen wienen der.

Oanlieding wie in enkête oer de kwaliteit fan de tsjinstferliening fan de gemeente. Oer it generaal binne de Snitsers tefreden oer de gemeente op betrouberheid nei. Boargemaster Brok sei ta dat dizze saak de kommende tiid al syn omtinken krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)