Snitsers helpe salmkwekerijen

21 sep 2013 - 13:02

It Snitser bedriuw BlueLeg Monitor hat in wichtich kontrakt binnenhelle dêr't se salmkwekerijen in soad jild mei besparje kinne. Mei help fan satellytbylden fan de European Space Agency en in apparaatsje yn 'e hân is te sjen oft der in soad algen yn it wetter sitte by salmkwekerijen. Dat is wichtich want algebloei kin der foar soargje dat der te min soerstof yn it wetter sit en de fisken deageane. Kwekerijen yn Kanada binne der as earste mei holpen, mar as it heal kin, wol it bedriuw dizze technology oer de hiele wrâld ynsette.

De Snitsers geane no earst yn see mei de Marine Harvest Group út Noarwegen en in fersekeringsmaatskippij út Amearika. Der wurdt noch socht om ynvestearders om it produkt op noch gruttere skaal yn te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)