Snitsers ferlieze yn Assen

02 nov 2014 - 12:52
  • Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart ferlear sneon mei 3-2 fan Achilles 1894. Yn Assen moast it publyk lang wachtsje op de iepeningstreffer. Fiif minuten foar rêst kamen de Snitsers op efterstân. Fuort nei it skoft makke Erolind Derguti de lykmakker, wêrnei't de bêste kânsen foar de Snitsers wienen.

Oan de oare kant kaam thúsploech Achilles mei in fan rjochting feroare skot lykwols op 'e nij op foarsprong. In penalty foar de Assenaren soarge foar de 3-1. Yn de slotfaze mocht Freerk de Jong de oanslutingstreffer binnenkoppe, mar fierder kamen de Snitsers net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)