Snitser ynbrekkers oppakt

21 aug 2012 - 10:47
  • Ynbraak

De plysje yn Snits hat moandeitenacht twa ynbrekkers fan 45 en 60 jier út dat plak oanhâlden. In tsjûge warskôge de plysje dat twa mannen har fertocht gedroegen by in hûs yn de Formerusstrjitte.

Doe't de plysje kaam, rieden de mannen krekt fuort op in scooter. Se hiene in lampe en in televyzje by har. De spullen binne yn beslach naam, de mannen sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)