Snitser ynbrekker oppakt

24 feb 2009 - 10:03

Mei de oanhâlding fan in 38-jierrige man út Snits hat de plysje in tal stellerijen út garaazjes en túnhúskes oplost. De man naam fytsen en kratten bier mei op ferskate lokaasje yn Snits en Ysbrechtum.

Hy rûn ferline wike tsjin de lampe. De man hie op in boat sliept en dêr stie ek in stellen fyts op. Doe't de plysje him ûnderfrege, bekende er de stellerijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)