Snitser yn gefjocht mei dief fan syn auto

18 feb 2015 - 10:56

In 45-jierrige ynwenner fan Snits is tiisdeitejûn yn gefjocht rekke mei in dief dy't besocht de auto fan de Snitser te stellen. It slachtoffer liet syn hûn út en seach op de IJlsterkade de ûnbekende man yn syn auto sitten. Doe't er dêr wat fan sei, waard er oanfallen. Der ûntstie in wrakseling, mar de dieder koe dochs útnaaie. Hy hat dêrby de parkearfergunning út de auto meinaam.

It giet om in man fan sa'n 20 jier, mei blond hier en sa'n 1,80 meter lang. Hy hie in donkere jas oan. De Snitser is by de fjochterij net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)