Snitser út wetter rêden

10 feb 2009 - 11:20

In 83-jierrige ynwenner fan Snits is moandei troch twa omstanners rêden. De man wie yn it wetter oan de Woudvaartkade fallen. In foarbygonger sprong ek yn it wetter en krige de man mei help fan in omstanner wer op de kant. Hy waard mei súkses reanimearre.

Nei´t de plysje en de ambulânse oankamen, moast de man nochris reanimearre wurde. Dat slagge op ´e nij. De man is oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)