Snitser trapearret ynbrekkers

17 maaie 2009 - 14:38

In Snitser (73) krige sneontemiddei de skrik fan syn libben doe't er thús kaam. De gerdinen fan syn wenning oan de Obe Postmastrjitte sieten ticht, wylst dat net sa wie doe't er fuort gien wie. Doe't er by it fytsehok kaam waard er oansprutsen troch in ûnbekende jonge.

Dy hold syn oandacht fêst wylst in oare jonge útnaaide út de wente fan de man. Beide jonges draafden dêrnei hurd fuort. Se ha in beurs en sieraden meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)