Snitser topklassers begjinne mei kompetysje

18 aug 2015 - 23:47
  • ONS Snits
  • Snits Wyt Swart

Fryslân hat it kommende fuotbalseizoen twa ploegen op it heechste amateurnivo. ONS Boso Snits spilet foar it tredde seizoen op rige yn de sneonstopklasse, stedgenoat Snits Wyt Swart Boso Snits yn de sneinstopklasse. Foar beide ploegen begjint kommend wykein de kompetysje. ONS begjint de kompetysje mei in wedstriid yn Hardenberg tsjin HHC. Debutant Snits Wyt Swart nimt it snein thús op TEC út Tiel Gelderlân. Ek TEC is nij yn de topklasse. Doel fan de beide ferienings is om yn de topklasse te bliuwen. De nije lanlike divyzje liket te fier fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)