Snitser teater op plak TPG?

27 sep 2006 - 16:22

Der wurdt serieus wurk makke fan de plannen foar in nij teater op it plak fan it hjoeddeistige TPG-gebou oan de Westersingel yn Snits. Dat hat de gemeente Snits woansdei bekend makke.

Oan de oare kant fan de grêft stiet de Noardertsjerke. Dêr komme it sintrum foar de keunsten en it Bolwurk. Yn de takomst moat der ek noch in rinbrêge komme tusken it teater en it sintrum foar de keunsten. Yn de grêft moat ek noch in driuwend poadium komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)