Snitser smyt mei glês

15 aug 2010 - 15:03

In 22-jierrige Snitser is sneontenacht oanholden op fertinking fan swiere mishanneling. Yn in hoarekagelegenheid oan de Kleine Kerkstraat yn Snits krige de fertochte spul mei in 32-jierrige Amsterdammer en in 23-jierrige man út Badhoevedorp. Dêrby smiet de Snitser mei in glês yn de rjochting fan de beide mannen.

Nei't de fertochte troch portiers út de saak set wie, hold de plysje him oan. Hy is ynsletten op it plysjeburo foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)