Snitser slingeret oer de dyk

31 aug 2008 - 13:30

In 64-jierrige ynwenner fan Snits hat sneontejûn syn rydbewiis ynleverje moatten. De man wie op de N354 by Reduzum sinjalearre troch ferskate automobilisten, wêrûnder in plysjeman dy't net yn tsjinst wie.

Dizze hie sjoen dat de bestjoerder slingerjend mei te folle faasje ried en oant twa kear ta hast fan de dyk rekke. Hy wist dêrby in oanriding noch mar krekt te foarkommen. De man waard flak foar Snits troch de plysje ta stilstân brocht. Hy hie dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)