Snitser sjocht ynbrekkers yn tún fan de buorlju

28 maaie 2015 - 13:12

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa Snitsers oanhâlden foar in wenningynbraak oan de Morrahemstrjitte. In tsjûge seach trije manlju yn de tún fan de buorlju en warskôge de plysje. Doe't dy oankaam, wie ien útnaaid. De beide oare manlju, fan 21 en 33 jier sieten achter in kontener.

By it hûs fûn de plysje in tas mei stellen guod en ynbrekkersark. It guod is yn beslach naam. Ut ûndersyk die bliken dat fierderop ynbrutsen wie yn in huzen en dat by in oare wenning besocht wie om yn te brekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)